thús | biografy | muzyk yn perspektyf | tekst en muzyk | foto's | kontakt | ||
Nei: List fan optredens | Dicky Jonker – drums (1979 – 1982) Wilt van der Kooi – drums (1981 – 2021) Kees Wedman – bas en sang Reinder Kerkhof – gitaar en sang Feike van der Leij – gitaar en sang, letter ek synthesizer / oargel. SKUOR spile Frysktalige rockmuzyk. Earst mei syn fjouweren, doe in skofke mei fiif man (twa drummers, lekker stevich!) en letter wer mei fjouwer man, dy’t fanôf 1985 ek wol ûnder oare nammen optreden (Jopie Douma Ferkeapet Jurkjes Band; Honeymoon Thrillers) wêrfan (mei in knypeach nei dominee Schaaf) de namme “Ype and The Schavers” it measte furoare makke hat. SKUOR ûntstie yn de simmer fan 1979 nei’t Kees, Reinder,
Dicky en Feike elkoar troffen yn de Treemter yn Grou. Reinder hie al langer
mei in elektryske gitaar ompield. Feike spile basgitaar yn in skoalband
en hie dy simmer mei Freddy Kofman op fekânsje west. Freddy wie
krekt begûn mei saksofoan en hat yn dy earste winter 1979/1980 wol
ris meispile. De fierdere ûnderfining mei it spyljen yn in band
beheinde him ta Feike syn erfarings mei de formaasje “de Trees”
(sjoch foto mei Gerrie Herrema en Piter Engelsma) mar dat wie al in aardich
skofke lyn (hy sil in jier as tsien west hawwe). SKUOR is dus as reedlik
ûnerfaren groepke begûn mei akûstyske gitaren en fersterking
op âld radio’s. De basgitaar fan my wie in mei skaailear beklaaide
spaanplaten “Egmond” wêrfan de snaren twa kear sa djûr
west hiene as de gitaar sels (dy wie foar 25 gûne fan Sipke Schuurmans
kocht). Dicky syn earste trommels liende hy fan Brassband Apollo, letter
hat Reinder foar in habbekrats in drumstel op ‘e kop tikke, wêrfan
de snare-drum noch lange tiid tsjinst dien hat doe’t Wilt derby
kaam as twadde drummer. Ynearsten waard der oefene by Kees (dêr
leine ek de trommels op souder) yn de hûskeamer en ek wol by Reinder
op de sliepkeamer. Dat lêste fûn Reinder syn buorman net sa’n
súkses sa as er de oare deis meimeitsje mocht: de man wûn
him ter plekke noch efkes foar de show op, wêr’t Neeltsje
(Reinder syn mem) en Feike by stienen, no dan bin jo by Reinder oan it
ferkearde adres, dat hy hat him achter it hokje noch efkes goed neisjoen.
Neeltsje en Feike bin doe mar efkes nei binnen gong. Belangrykste is miskien wol dat it sa hearlik ûngedwongen
wie en tige eksperiminteel. Dat ûngedwongene koe de groep spitich
genôch net altyd fêsthâlde as der optreden of soms allinnich
al opnommen wurde moast. Hear mar ris nei de dissipline en strakheid wêrmei
Kees en Feike soms de nûmers songen, der koe gjin grapke ôf!
SKUOR hie fierders noch in opfallend ôfwikende opfetting oer hoe’t
jo it lûd regelje moasten: by elk nûmer hiene wy opskriuwn
hoe’t de knopkes op de gitaren en op de fersterkers stean moasten
om it bêste te klinken. By de earste optredens stiene wy dus tiden
lang te toanregeljen foardat it folgjende nûmer ynsette. Dat wie
fansels gebrek oan erfaring en is wol oergien, en al ridlik gau hienen
wy in Ramones-discipline (ien twa trije fjouwer!) en plakten wy nûmers
oan elkoar. Live wie it tempo faak fiersten te heech foar wat wy technysk
bypoatsje koene. Op dizze siden stiet in lytse kolleksje nûmers fan SKUOR en foar de leafhabber is der oan mear te kommen (efkes kontakt opnimme). Dêr binne ek inkele live regystraasjes by. Wat spitigernôch noait live registreard is binne de optredens mei de achtergrûn-sjongeressen Marjan en Elly. Dy hiene dêr wol aardichheit oan en wy hawwe ien of twa kear mei harren optreden, allinne doe’t wy fêstholden oan de oankundigingen SKUOR en de SKUORKES hienen sy gau harren nocht derôf. SKUOR wie súnich op harren teksten, dat fan sommige teksten waard soms meardere kearen gebrûk makke op folslein ferskillende muzyk. Fandêr dat der fan sommige nûmers meardere útfierings besteane. En dan bin der ek noch nûmers dy’t we wol spile hawwe mar noait opnommen. Dat bin der net sa’n soad mar te tinken falt oan “Lyleila fan Havinga”, en ek “De geologische gesteldheid van de bodem in Noord-Oost Friesland oftewol Knipklaai” wêrfan in inkeling allinnich de titel noch wyt, en dat is al hiel wat. Al mei al hat SKUOR yn dy tiid sa’n sechstich nûmers makke. SKUOR is nei
it boppeneamde optreden yn Sealen Skaaf opholden mei it spyljen yn it
Frysk. Op in stuit hie de groep eins wol wat har nocht fan de kommentaren
dat it net te ferstean wie, de sang te sacht en sa. SKUOR woe de sang
no ien kear net lûder hawwe want dat wie sûnde fan al dy muoilike
gitaarpartijen. Nei SKUOR is der trije kear mei in hiele soad freonen
ûnder de namme “Jopie Douma Ferkeapet Jurkjes Band”
optreden yn Grou (in kear yn de Boei en in kear op it Halbertsma’s
plein) en Warten (yn de kroech). Fan it optreden yn de Boei is in moaie
fideo opname dy’t noch wol ris op DVD ferskine sil. Skuor sels binne
gjin bewegende bylden fan, alteast net fan de perioade 1979-1985. Wat
noch wol it neamen wurch is binne de eksperiminten mei opnamen fan bûtenboard
moters dy’t mei help fan in stimapparaat “in tune” op
de bân setten binne. It is nea slagge dizze opnamen mei súkses
yn in nûmer te ferwurkjen mar it jout oan dat ús gedachten
in bytsje foarút rûnen op wat letter mei “sampling”
wol mooglik wurden is. Fan in oare oarder is de ûntwikkeling fan
in “simpelsizer”, dat wol sizze mei in stofsûger blaze
troch de melodika. De lûdsdimping fan de stofsûger tochten
wy oplosse te kinnen troch it ding yn in doaze mei tekkens te stopjen,
mar dêr kaam hast brân fan, dat dy “simpelsizer”
hat it net oprêden. |
|