thús | biografy | muzyk yn perspektyf | tekst en muzyk | foto's | kontakt

 

De rok skuort mar SKUOR rockt fierder

 

De measte optredens yn de begjintiid begûnen mei In Wyt Knyn (tekst Frits van Duuren), dat folge waard troch in oar nûmer mei sang fan Kees (bygelyks De Lêste Hjerst 1). It is net maklik om sang en bas spyljen te kombinearen, en nei't Kees de one and only bassist fan SKUOR waard hat Feike it measte sjongwurk foar syn rekken nommen. As echte Grousters hiene hja in soad oandacht foar de regio, lykas yn St Piter Song en Om't Jild (it is wer wat mei ús Pikmar...), mar ek de oare natoer kaam oan har trekken (it Waad, Thea, Sa'n Lekker Wiif). Om't jild is in foarbyld fan in tekst dy't SKUOR meardere kearen brûkt hat. Datselde jild foar De Lêste Hjerst II, Binne II en hieldendal foar Hé jo, dat sels trije útfierings kent hat (de earste op muzyk fan Hey Jude fan de Beatles). Fan Aapkes bin twa útfierings te hearen Aapkes I en Aapkes II.

De âldste opnamen dy't der besteane binne fêst dy fan Reinder dy't op syn keamer oan it eksperimentearen west hat mei in foarrinner fan Nea. SKUOR as groep hat Fuchsia yn akûstyske útfiering opnommen by Kees thús (mei dank oan Apollo foar de trom dy't wy sûnder te freegjen brûkt ha). Oare nûmers fan de begjintiid binne Fluitsje yn't tsjuster, Froutsje fan Starum, Discopik en A kint skele, in ienfâldige rock-and-roller dy't lang op de playlist stien hat. Mei Sije soosjolooch hie SKUOR ien fan de foarrinners fan de lettere ska-nûmers te pakken. Tsjuster wie der ek in foarbyld fan. De skanûmers fan letter binne bygelyks Blikska, Inkel Goutum en it earder al neamde Hé jo.

12 oere (tekst fan Anneke van der Leij) is in eksponent fan de "no future" tiid dy't noch hieltyd moaie herinneringen opropt by guon fans. Oare nûmers mei teksten fan oaren binne De Tiid (in oersetting fan in ferneamd gedicht fan Vasalis, mei tank oan de rjochthabbenden foar it brûken mei tastimming) en de Alde histoarje (Fedde Schurer, gjin tastimming dat lit mar sitte). Tank ek oan Omrop Fryslân, mei nammen Gurbe Douwstra, foar it beskikber stellen fan opnames fan De Tiid, Inkel Goutum, Armageddon en Blikska. (De lêste twa fan dy opnames binne net fia dizze side te krijen). Blikska hat SKUOR op de har bekinde wize mei seis kassettedecks sels ek al ris fêstlein. Ien fan de alderlêste opnames wat dat betreft is dy fan Unrêst yn de bosken. Net te ferjitten is ek Do makkest my hiel langsam dea fan dy tiid. Noch net neamd mar faaks foar de leafhabber wol it belústerjen wurdich: Sûnder sin en it instrumintale eksperiment ut it begjin: Tsjoendersjazz.

Behalve dy lêste bin fan al dizze nûmers (en in hiel soad mear) de teksten beskikber.